Trinus Riemersma-dei, 22 novimber Koornbeurs Frjentsjer

Sûnder mis is Trinus Riemersma (Ferwert 1938–Frjentsjer/Ljouwert 2011) ien fan de grutste Fryske skriuwers fan nei de oarloch. Mei in grut en alsidich oeuvre: romans, gedichten, koarte ferhalen, toaniel, lieten en kollums. Genôch om in dei mei te foljen. Moarns in programma dêr’t û.o. syn biografy oanbean wurdt, skreaun troch Doeke Sijens. De kommissaris fan de Kening, Arno Brok, nimt in nije edysje fan De reade boarre yn ûntfangst út hannen fan Jetske Bilker. Foar dizze, faaks syn bêste roman, krige Riemersma yn 1995 foar de twadde kear de Gysbert Japicks-priis. De moarn wurdt ôfsletten mei in film oer Riemersma. De middeis kin yn groepkes oer in tal romans fan Riemersma diskusjearre wurde ûnder lieding fan in saakkundige. Meitsje in kuier troch Frjentsjer mei in stedsgids oan de hân fan Riemersma syn detective De mon sûnder gesicht of besykje de Riemersma-útstallingen yn de Bibliotheek en it Martena Museum.

Jûns in bûnt programma fol ferdivedaasje: gedichten, ferhalen, libbene kollums, muzyk mei sang en, ôfslutend, de humoristyske ienakter De skriuwer foar it doarpsbelang. Mei û.o. Sigrid Kingma (dichter fan Fryslân), Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tet Rozendal, Tsead Nauta, Liuwe Westra, Akke Gerlsma, studinten NHL Stenden en Anna Maria van Schurman College, en Rederikerkeamer Demosthenes Dronryp.

Kaartsjes deiprogramma €7,50, jûnsprogramma €10; kombykaart €15. Studinten en skoalbern fergees op fertoan fan ID.
Organisaasje: Academie van Franeker, yn gearwurking mei NHL Stenden en Tresoar.

Plaats een reactie